🎭 Toaniel Sumar 🎭
Op moandei 22 juny om 19.30 oere organisearje wy yn doarpshûs De Kamp in ynformaasjejûn foar it kommende toanielseizoen.
Ek kommende winter wolle wy wer in moaie klucht of blijspul op ’e planken bringe. Dêrfoar binne wy op syk nei minsken dy’t graach spylje wolle, mar ek nei minsken dy’t efter de skermen meihelpe wolle.
Dêrneist wolle wy jim ek byprate oer de plannen om, mei stipe fan Keunstwurk, in toanielferiening op te rjochtsjen. In moaie stap foar de takomst fan it toaniel yn ús doarp.
Liket it dy wat? Kom dan del en praat mei. Under it genot fan in bakje kofje fertelle wy graach mear oer de plannen foar it nije seizoen.
Wa’t spylje wol of meihelpe wol efter de skermen, is fan herte wolkom!
📅 Moandei 22 juny
🕢 19.30 oere
📍 Doarpshûs De Kamp
Mei-inoar meitsje wy der wer in moai toanielseizoen fan! 🎭