Kopij doarpskrante 24 augustus 2026

It is hast wer safier

Hjoed noch, sa at it liket, in moaie droege dei en dan is de fakânsje foar de measte minsken wer foarby. Wat haw wy in prachtich simmerwaar hân.

De skoallen begjinne wer, de earste fuotbaltrainingen bin alwer achter de rêch. It ferieningslibben komt wer op gang. In útstapke foar de âldere doarpsbewenners, in smûk barren yn septimber en in pear eveneminten yn septimber en oktober. Sumar begjint wer te brûsjen.

De redaksje fan de doarpskrante komt 24 augustus wer by inoar. De kopij kin jim foar dy deis wer opstjoere nei

[email protected]

Wy sykje ek noch adfertearders. Wolle jim dat de Koekoek nochris 40 jier lang bliuwt? Dan kin dat troch te adfertearen, mar in donaasje jaan kin ek😉.

Oh ja. Wy meitsje yn it earste nûmer fansels de winner fan ús jubileumjier ek bekind……

Oant sjen….yn de koekoek

Mfg

De redaksje,

Maaike, Thea, Ids, Trynke en Greta