maandag 16 januari 2012 16:35
Tongersdei 05 jannewaris 2012, 11.00 oere, Stoarm en heech wetter.
Sa heech sels dat de wei nei “klein Zwitserland” der ûnder strûpte.
Op de earste foto’s sjogge jimme de opfeart nei it kanaal, dy stie blank mei it lan der omhinne, rjochting de suvering.
De opfeart njonken it boskje stie op oerstreamen, it earste wetter gie der al oer.
De oare foto’s litte sjen hoe heech as it wetter al wie en by de earste daam gie it al oer de dyk nei de oare sleat ta.
Minsken fan de camping moasten sjen dat hja der kamen, om alles omheech te setten, want de camping stie foar in grut gedielte al blank. De lêste foto’s litte sjen, de lannen om de lytse mar hinne, allegearre wetter.
De swanen hiene no gjin lytse mar, mar in hiele grutten ien.
| Volgende > |
|---|
